Joyride mei trekker op Skylge

29 jul 2010 - 10:13
  • Skylge (foto: Omrop Fryslân)

Fjouwer jonges út Noard-Hollân binne op Skylge oanhâlden foar joyriden mei in trekker. De jonges fan 16 jier oant 18 jier komme út Oostknollendam, Krommenie en Wormer. Se wisten nei it stappen in trekker oan 'e praat te krijen yn in greide by Formearum.

It slagge de jonges net de trekker ûnder kontrôle te hâlden. Se rieden dwers troch in stek. De jonges woene útnaaie, mar de 45-jierrige eigner fan de trekker koe se oanhâlde. De jonges binne oerdroegen oan 'e plysje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)