JOVD: 'Uber moat legaal wurde'

26 sep 2014 - 15:07
  • Taksy

De JOVD, de jongereinôfdieling fan de VVD, ropt de gemeente Ljouwert op taksytsjinst Uber legaal te meitsjen. Uber is in nij alternatyf, wêrby't partikuliere sjauffeurs minsken tsjin in fergoeding nei har bestimming bringe. Klanten kinne mei in app op de smartphone yn kontakt komme mei dizze sjauffeurs.

Uber soarget foar in soad opskuor ûnder besteande taksybedriuwen, dy't ynkomsten misrinne. De JOVD wol lykwols dat Ljouwert Uber tastiet yn de gemeente om't dit kânsen opsmyt foar de ynwenners. Sy kinne wat fersjinje en goedkeaper reizgje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)