Jouswier wurdt opknapt

14 jun 2007 - 10:42

It doarp Jouswier wurdt meikoarten opknapt. Yn de kommisje grûngebiet fan de gemeente Dongeradiel wiene alle partijen woansdeitejûn posityf oer it foarstel om goed 17.000 euro beskikber te stellen foar it doarp.

By de tsjerke komme parkearplakken en fierder komme der nije bankjes. De ynwenners sille in grut part fan it wurk sels dwaan. Dêrtroch wurdt der aardich wat jild besparre.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)