Jouster widdo krijt gelyk fan rjochter yn AOW-saak

09 des 2015 - 11:20

In 59-jierrige frou fan 'e Jouwer krijt dochs har AOW as se 65 jier wurdt, ek al is it rjocht op pensjoen tsjinwurdich wetlik ferskood nei 67 jier. Dizze útspraak fan de Ljouwerter rjochtbank bestjut neffens de advokaat fan de frou, Fred ter Hennepe, in lanlike trochbraak, dy't grutte gefolgen hawwe kin foar mear minsken dy't tsjin de pensjoengerjochtigde leeftiid oansitte.

Utkearing fan 170 euro

De widdofrou fan 'e Jouwer hie beswier makke tsjin de Sociale Verzekeringsbank SVB dat sy troch de nije pensioenregeling tusken har 65e en 67e jier rûnkomme moat fan in útkearing fan 170 euro. In earder sletten oanfoljende fersekering rint nammentlik oant har 65e jier ta. Omdat de frou fanwegen har sûnens net mear wurkje kin, bestjut dit dat sy har hûs ferkeapje moat om finansjeel rûn te kommen. 

Net akseptabel

Dat is neffens de rjochter net akseptabel. Hoewol't de útspraak spesifyk foar de Jouster frou jildt, ha no neffens har riedsman mear minsken kâns dat sy op har 65e dochs mei pensjoen kinne. 

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)