Jouster stoarn nei ûngelok

08 apr 2003 - 00:00

In ynwenner (76) fan De Jouwer is moandei nei in ferkearsûngelok stoarn. De man fytste oer de Polderboskdyk yn syn wenplak. In auto kaam him yn 'e mjitte. De fytser ried hieltyd mear yn it midden fan de dyk.

De autobestjoerder (34) fan Snits koe de fytser net mear ûntwike. De Jouster kaam op it foarrút fan de auto telâne. Hy is oerbrocht nei it sikehûs op It Hearrenfean. Dêr is er letter oan syn ferwûningen ferstoarn.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)