Jouster stiet oerenlang yn grutte file op A50

05 feb 2015 - 08:45

Jouster Hilda Feenstra stie woansdeitejûn oerenlang fêst yn de grutte file op de A50 yn it suden fan it lân. Feenstra kaam fanút Eindhoven en wie ûnderweis nei hûs. De dyk wie sjippeglêd.

Uteinlik hat Feenstra in hotel opsocht yn Oss. Pas it fjirde hotel dat se belle hie plak, want in hiel soad automobilisten koenen net mear nei hûs ta komme.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)