Jouster spits traint by H'fean

24 mrt 2003 - 00:00

Johnny Dölle, de spits fan fuotbalklup De Jouwer traint de kommende wiken op tiisdeis mei mei de seleksje fan SC Hearrenfean. De 26-jierrige Jouster docht it goed by de sneins earsteklasser en dat is dus opfallen by de profklup fan It Hearrenfean.

Dölle trainde moandei foar 't earst mei de earste seleksje fan Hearrenfean mei. Hy rekkenet foarearst net op in kontrakt, mar neamt it trainen mei de profs in hiele erfaring.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)