Jouster skûtsje neimetten

07 feb 2003 - 00:00

De bemanning fan it Jouster skûtsje hat freed in ludike aksje útfierd by de iepening fan Boot Holland. It bedriuw Oranjewoud hat it skûtsje dêr neimetten, mei moderne apparatuer.

It skûtsje waard ferline jier troch de SKS diskwalifisearre, om't de ôfmjittings net doge soene. De bemanning hie it skûtsje no kaapt, sûnder meiwitten fan de kommisje. Se hoopje dat nei it mjitten de praatsjes oer de boat de wrâld út binne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)