Jouster rotonde mooglik earder

09 mrt 2010 - 16:29

It wurk oan de rotonde by De Jouwer en de N31 by Harns wurdt mooglik earder útfierd. De Earste Keamer jout dêr wierskynlik takom wike grien ljocht foar. Op 16 maart nimt de Earste Keamer in beslút oer de saneamde krisiswet. Dy wet moat derfoar soargje dat grutte bouprojekten nei foaren helle wurde.

Mei de fal fan it kabinet wie it de fraach oft de wet noch behannele wurde soe, mar dat bart dus wol.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)