Jouster Oude Pastorie opknapt

05 maaie 2011 - 16:52

D'oude Pastorie op 'e Jouwer wurdt opknapt. De eigners Wim en Myriam Driessen wolle der in 'Bêd en Brochje' yn eksploitearje. Der is lykwols net in soad bekend oer it karakteristike pân op de Syl en dêrom roppe de takomstige útbaters de minsken op om mei ferhalen oer D'oude Pastorie op de proppen te kommen. Dy kinne fia de mail opstjoerd wurde.

De skriuwer fan it bêste ferhaal mei in nacht fergees ien fan de keamers brûke fan de takomstige Herberg Joure.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)