Jouster mole opknapt

25 jan 2007 - 15:43

Penninga's mole op de Jouwer wurdt foar mear as in ton restaurearre. De mole stiet der sûnt 1900 en komt oarspronkelik út 'e Saanstreek. Hy is yn de rin fan de jierren al ferskate kearen restaurearre. Dat gebeurde ek noch yn 'e 70-er en 90-er jierren. It is no wer hurd nedich.

De mole is folop yn gebrûk. Der wurdt moal makke foar de pleatslike bakker. It ryk betellet it grutste part fan de opknapbeurt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)