Jouster langer fêsthâlden

11 maaie 2011 - 16:00

De Jouster (32) learaar en trener mei berneporno op syn kompjûter bliuwt noch 30 dagen langer fêst sitten. Dat hat de rjochtbank woansdei besletten.

De man hat op de Van Kleffensskoalle op It Hearrenfean en by in fuotbalteam fan SC Joure sa'n 300 foto's makke fan dûsende jonges. De man joech les op de skoalle en wie trener fan it fuotbalteam. Neffens justysje hat er allinne hannele, mar binne der oanwizings dat er bleatfoto 's op in bernepornonetwurk set hat.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)