Jouster jongerein nei motorklub

30 nov 2004 - 10:24

De jongerein fan Skarsterlân krijt in tydlik ûnderkommen yn it klubhûs fan Motorklub de Flying Boetoe op 'e Jouwer. Skarsterlân is al lang op syk nei in plak foar de jongerein fan 16 jier en âlder. No't nijbou troch besunigings net trochgean kin is lang om let besletten om de jongerein tydlik ûnder te bringen yn it klubhûs fan 'e motorklub.

Wolwêzenorganisaasje Miks sjocht út nei in definityf plak foar de jongerein.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)