Jouster famke wer teplak

01 aug 2010 - 15:05

De 16-jierrige Joleen Ras fan De Jouwer is wer terjochte. It famke waard sûnt tongersdeitemoarn fermist. Sy hie har doe melde moatten by in ynstelling op 'e Jouwer, mar kaam dêr net opdaagjen. Sneintemoarn melde it famke har by famylje.

Neffens de plysje giet it nei omstannichheden goed mei har. It is noch net dúdlik wat der krekt bard is, dat wurdt noch fierder ûndersocht. Der binne gjin oanwizings dat it famke tsjin 't sin fêsthâlden is.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)