Jouster Facebookgroep populêr

04 des 2012 - 12:31
  • Arjen de Ree is ek warber op 'Ik bin in Jouster'

It is in hype op De Jouwer: de nije Facebook-groep Ik bin in Jouster omdat. De groep bestiet noch gjin fjouwer wike en hat al sawat 1800 leden. Der steane foaral in soad âlde foto's op de side, dêr't Jousters en ek in soad âld-Jousters dan wer op reagearje. Bygelyks oer de tram dy 't yn it ferline troch De Jouwer ried of oer it romrofte Hotel fan Terwisga yn de Midstrjitte.

De groep is oprjochte troch âld-Jouster Fokke Terpstra, dy 't no yn Den Helder wennet.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)