Jouster dy't ûngelok feroarsake op A7 hie dronken

28 feb 2016 - 13:39
  • By de botsing rekke de bestjoerder fan de persoane-auto ferwûne

De 29-jierrige Jouster dy't sneontemiddei op de A7 by it Hearrenfean in ûngelok feroarsake, hie dronken. Syn rydbewiis is ynnaam. De autobestjoerder hie in frachtwein ynhelle en gie werom nei de rjochter rydstrook. Dêrby ferlear hy de kontrôle oer it stjoer en rekke yn in slip. De man kaam tsjin de fangrail ta stilstân.

Hy rekke ferwûne oan de holle en is mei de ambulânse nei it sikehûs brocht. Dêr is in bloedproef ôfnaam.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)