Jouster byld wer skânsearre

24 nov 2007 - 17:29

In byld op 'e Jouwer dat sneon nei fernieling ûntbleate wurde soe, is op 'e nij skânsearre. It byld De Drie Toeristen stiet yn de Midstrjitte en bestiet út in heit, mem en dochter.

In pear jier lyn waard it byld fan 'e dochter fernield. Dat is troch de keunstner hersteld. It byld is freedtenacht wer fernield. It is net bekend hoe grut de skea krekt is. De ûntbleating is wol trochgien.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)