Jouster brânwacht beheind

29 mrt 2001 - 00:00

De brân woansdei op in buorkerij yn Haskerhoarne krijt foar de brânwacht fan De Jouwer noch in sturtsje. It korps is 72 oeren beheind yn syn ynsetberens. Allinnich by echte kalamiteiten mei de brânwacht in boerehiem op.

It Jouster korps hat blust by de brân yn Haskerhoarne, mar hie gjin persluchtmaskers op. Dat hie al moatten fanwege de tongblierkrisis.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)