Jouster bern nei ynhuldiging

03 apr 2013 - 17:05
  • Jouster bern nei ynhuldiging

Learlingen fan in skoalle op De Jouwer meie op 30 april by de ynhuldiging fan Kening Willem-Alexander wêze. It giet om bern fan groep 8 fan de Lyts Luchtenfjildskoalle. Se binne ien fan de trije basisskoallen yn Nederlân dy't in útnoeging krigen hat. De kommende wiken sil yn de les hiel wat praat wurde oer de ynhuldiging. De bern leare oer hoe't se har gedrage moatte en watfoar klean oft se oandogge. Der binne in soad protokollen foar de ynhuldiging yn de Nieuwe Kerk yn Amsterdam. De skoalle is útkeazen om't se in debatwedstriid wûn hienen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)