Jouster Ballonfeesten wer begûn

29 jul 2004 - 13:11

Op 'e Jouwer binne woansdei wer de tradisjonele ballonfeesten begûn. It is it grutste ballonevenemint fan it lân. It ballonfarren wurdt hieltyd populêr- der yn Nederlân. It tal flechten naam de lêste 10 jier ta fan 4000 nei 10000.

De Ballonfeesten op 'e Jouwer lûke alle jierren sa'n 20.000 oant 30.000 minsken dy't 35 ballonnen de loft yngean sjogge. Foar de grutte publykslûker dit jier, in Vincent van Gogh-ballon, stie der woansdei lykwols te folle wyn.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)