Jouster ballonfeest nominearre

04 maaie 2004 - 00:00

De Fryske ballonfeesten op 'e Jouwer binne nominearre foar de Nasjonale Evenemintepriis yn de kategory 'Beste regio-evenement'. Konkurrinten foar de priis binne de 'Regio Haarlem Cup' en it 'Zwarte Cross Festival' yn Halle.

De sjuery bestiet út sân minsken dy't profesjoneel dwaande binne yn de evenemintebranche. De winner wurdt op 13 maaie bekend makke yn Dordrecht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)