Jouster autodief oppakt

12 des 2010 - 14:53

De plysje hat in Jouster (23) oanhâlden op fertinking fan it stellen fan in auto. De plysje seach de Jouster riden op de Ljouwerterwei yn Snits en joegen de man in stopteken.

Foar de Jouster wie dit it sein om út te naaien. Nei in achterfolging dêr't ferskate plysje-ienheden oan meidiene sprong de Jouster oan de Alde Toppenhústerwei yn it wetter. De plysje holp de man wer út it wetter en hâlde de man oan. It die bliken dat de auto by in garaazje stellen wie.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)