Jouke Brander moat ta de bûse

30 des 2003 - 00:00

Ald-eigner Jouke Brander fan it fallite boubedriuw Westerbaan moat hast in heal miljoen euro betelje oan de kurator. Dat hat de rjochter tiisdei bepaald.

Brander naam neffens de kurator opdrachten fan Westerbaan mei nei syn oare bedriuwen: Brandhold BV, Boubedrijf Oost en Bouwbedrijf Noord. Neffens de kurator moast Brander dêrfoar betelje, mar dat hat er nea dien. De rjochter jout de kurator no gelyk.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)