'Jou mear oandacht oan Biltsk'

15 maaie 2013 - 09:08
  • Website meertalighyd.nl

De gemeente It Bilt soe mear oandacht hawwe moatte foar de Biltske taal en kultuer en ek besykje moatte om dy taal sels mear te brûken. Dat fersyk krige wethâlder Boukje Tol fan It Bilt tiisdei by in wurkbesite fan it Europeesk Buro foar Lytse Talen (EBLT) oan de gemeente It Bilt.

Biltske organisaasjes meitsje har soargen oer de takomst fanwege it plan om de gemeente It Bilt opgean te litten yn in grutte gemeente Noardwest-Fryslân. Boppedat is de gemeente oan it besunigjen op taal en kultuer.

Stichting Ons Bildt bepleitet krekt mear mooglikheden en mear middels foar it Biltsk. De posysje fan en de stipe foar it Biltsk soe goed regele wurde moatte foar in mooglike gemeentlike weryndieling, sadat ek in nije gemeente Noardwest-Fryslân der net omhinne kin. Der wurdt rûsd dat op it Bilt sa'n 6.000 minsken Biltsk prate. Wethâlder Tol joech ta dat de gemeente It Bilt de taal wol mear brûke kin as op dit stuit bart. Ek stiet se 'sympatyk' tsjinoar it fersyk foar in dieltiid-beropskrêft foar de Biltske organisaasjes.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)