'Jou jild foar kij yn de greide'

22 jul 2004 - 14:27

Keamerlid Joop Atsma (CDA) wol boeren ekstra jild jaan as se de kij yn it lân hâlde. Boeren hâlde har kij hieltyd mear op stâl omdat dat in heger rindemint opsmyt. Atsma is bang dat dit troch strangere Europeeske dongregels allinnich mar slimmer wurde sil.

Van Weperen fan de NLTO sjocht wol wat yn de plannen fan Atsma. As it jild út subsydzjepotten foar boeren komme moat, is hy der lykwols op tsjin. Hy fynt ek dat de konsumint wol mear betelje kin.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)