José van der Veen twadde op NK

06 jul 2008 - 17:23
  • José van der Veen: 2de op it NK

José van der Veen fan Drachten waard snein twadde op de 800 meter op it Nederlânsk kampioenskip atletyk yn Amsterdam. Van der Veen wie tefreden mei sulver, neffens har it heechst helbere foar har. Se lei de 800 meter ôf yn in tiid fan 2.06.09.

Van der Veen komt fan Drachten, mar wennet al in skoft yn El Paso yn Texas. Van der Veen is de lêste tiid goed yn foarm. Se is koartlyn weromkommen út Amerika foar it NK en ferskate oare wedstriden yn Europa.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)