Jos Thie riddere

23 jun 2003 - 00:00

Regisseur Jos Thie fan Tryater is snein beneamd ta Ridder in de Orde van Oranje-Nassau. Hy krige de ûnderskieding fan kommissaris Nijpels by de lêste foarstelling fan 'Kening Lear' yn Drachten. Ek krige Thie noch de 'Friese Anjer' útrikt.

Mei 'Kening Lear' nimt Thie ôfskie fan Tryater. Hy hat goed tsien jier artistyk lieder west. Goed 39.000 minsken kamen op Kening Lear ôf. It waard yn totaal 27 kear opfierd.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)