Jos Thie ferlit Tryater yn 2003

04 feb 2002 - 00:00

Artistyk lieder Jos Thie sil Tryater yn 'e simmer fan 2003 ferlitte. Hy hat dan 10 jier by Tryater wurke. Thie is op syk nei in nije útdaging, Tryater is op syk nei in opfolger foar Thie.

Tryater hat it goed dien yn it tiidrek Thie mei hichtepunten as Abe!, Peer Gynt op Oerol en Orfeo Aqua tidens Simmer 2000. Ferline jier ferhuze Tryater nei in nij ûnderkommen yn Ljouwert.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)