Jort Kelder gesicht Frl. Bank

06 jan 2011 - 12:49
  • Jort Kelder, it nije gesicht fan de Friesland Bank
  • Syn auto stie foar de doar fan de bank (foto Omrop Fryslân)

Jort Kelder wurdt it gesicht fan de tillevyzjereklames fan de Friesland Bank. De bank set fan ein jannewaris ôf reklamespots yn om yn 2011 mear sparders nei de bank te lûken. De opnamen fine plak yn de haven fan Harns.

Mei de kar foar Kelder wol de bank him presintearje as bank foar hiel Nederlân, ek foar de snelle types fan de Amsterdamske PC Hooftstraat.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)