Jorritsma wol ek út polityk

26 jun 2002 - 00:00

Nei VVD'er Loek Hermans seit no ek Annemarie Jorritsma fan Boalsert dat se nei alle gedachten út 'e polityk stapt. Se sil dat net fuortendaliks dwaan, mar as se wat oars fynt, dan stapt se op.

Jorritsma stie twadde op de VVD-list en krige as heechste frou op 'e list in soad foarkarstimmen. Se soe keamerfoarsitter wurde, mar dy baan gie nei VVD'er Weisglas.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)