Jorritsma: ramp krijt gesicht

19 jul 2014 - 11:15
  • By it provinsjehûs hinget de flagge healstôk

Kommissaris fan de Kening John Jorritsma seit yn in reaksje mei te libjen mei de minsken dy't troffen binne troch de fleanramp tongersdei boppe Oekraïne. Neffens de Kommissaris krijt de ramp hieltyd mear in gesicht. Foar safier bekend kamen by de ramp twa Friezen om it libben, it giet om in echtpear fan De Gordyk. Ek in tal âld-ynwenners is troffen. By de ramp kamen 298 minsken om it libben, ûnder har 193 Nederlanners.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)