Jorritsma praat mei studinten

05 feb 2011 - 15:53
  • Deputearre John Jorritsma

Sa'n 30 HBO-studinten hawwe freedtejûn mei kommissaris Jorritsma praat oer de takomst fan Fryslân. De byienkomst yn in kafee yn Ljouwert wie de ôfsluter fan in toer dy't Jorritsma makke om de steateferkiezings fan begjin maart te promoatsjen.

By de byienkomst waard ûnder oare praat oer dy ferkiezings, it fuortlûken fan heger oplate minsken nei it westen en it nut fan de provinsje as bestjoerslaach. Alle studinten seine dat se wol stimme sille.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)