Jorritsma pakt tredde wrâldbekerstartbewiis yn Enschede

01 nov 2015 - 17:56

Gerben Jorritsma, Fries om utens dy't wennet yn Diever, hat snein syn tredde wrâldbekerstartbewiis pakt by de KNSB Cup yn Enschede. Op de 1000 meter einige Jorritsma as fjirde mei in tiid fan 1.10.01 en pleatste him dêrmei foar de earste fjouwer wrâldbekerwedstriden. Earder dit wykein kwalifisearre de rider fan de Lotto-Jumbo ploech him ek al foar de 500 en 1500 meter.

De winst op de 1000 meter wie foar Kjeld Nuis, dy't 1.09.15 klokte. De oare startbewizen wiene foar Stefan Groothuis, Kai Verbij en Thomas Krol.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)