Jorritsma: oerlis mei Beckers

14 sep 2011 - 21:20

Kommissaris Jorritsma wol om de tafel mei de eardere provinsje-amtner Margaret Beckers. Dy krige yn 2007 dien omdat se ynformaasje lekte nei de Ljouwerter Krante. Ferline wike stelde de heechste rjochtbank foar amtners fêst dat dat ûntslach net terjochte is.

De provinsje leit him del by de útspraak fan de rjochtbank en wol no mei Beckers oerlizze oer in oplossing. Dy soe ûnder oare bestean kinne út it oanbieden fan in oare baan of it treffen fan in skikking.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)