Jorritsma nije foarsitter VNG

12 nov 2007 - 17:07
  • Annemarie Jorritsma wurdt foarsitter fan de VNG

Annemarie Jorritsma wurdt de nije foarsitter fan de Feriening fan Nederlânske Gemeenten. De hjoeddeiske boargemaster fan Almere folget boargemaster Deetman fan Den Haach op. Dy stapt meikoarten oer nei de Raad fan State.

Jorritsma waard moandei offisjeel ferkeazen op de algemiene ledefergadering fan de VNG yn Den Haach. Se sil op op 1 jannewaris 2008 begjinne as foarsitter.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)