Jorritsma nei wrâldbekerwedstriden 500 meter, Hospes net

30 okt 2015 - 20:52

Reedrider Gerben Jorritsma hat him pleatst foar de wrâldbekerwedstriden op 'e 500 meter. De Fries út Diever ried de fjirde tiid yn 35.19. De fiif rapste riders fan de dei pleatsten harren foar de wrâldbekerwedstriden. Jesper Hospes fan It Hearrenfean rêde it net op. Hy ried 35.33 as rapste tiid en mei net nei de earste wrâldbekerwedstriden.

Ek de nûmers ien en twa fan de lêste Olympyske Spelen, Michel Mulder en Jan Smeekens, sieten net by de rapste fiif riders. Ronald Mulder hie mei 34.89 de bêste tiid fan de dei.

Ek Kai Verbij, Kjeld Nuis en Hein Otterspeer hawwe in wrâldbekerticket te pakken.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)