Jorritsma is foar weryndieling

16 maaie 2008 - 14:54
  • Kommissaris John Jorritsma

De nije kommissaris fan de Keninginne, John Jorritsma, is foarstanner fan in gemeentlike weryndieling. Dat sei de VVD-er freed by de syn ynstallaasje op it provinsjehûs. Jorritsma is de opfolger fan Ed Nijpels, dy't yn april ôfskie naam fan Fryslân.

Neffens Jorritsma hat Fryslân ferlet fan gruttere gemeenten en moat it inisjatyf dêrta net allinne fan ûnderop, mar ek fan de provinsje komme. Jorritsma sei fierder dat er it Frysk sa gau mooglik leare wol.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)