Jorritsma by eucharistyfiering yn Friezetsjerke Rome

09 nov 2014 - 12:11
  • Pastoar Van der Wal wit in soad oer de Friezetsjerke yn Rome
  • Friezetsjerke yn boek pastoar Van der Wal

Kommissaris fan de Kening Jorritsma hat snein de eucharistyfiering bywenne yn de Friezetsjerke yn Rome. Dêr is fierd dat de tsjerke no al 25 jier offisjeel de Nederlânske tsjerke fan Rome is. Jorritsma hat ek koart sprutsen en der waard in plakette ûntbleate dy't bedutsen wie mei in Fryske flagge.

De Friezetsjerke wurdt beskôge as in pilgrimstsjerke. Alle jierren komme goed 10.000 minsken nei de tsjerke. De provinsje Fryslân sil de Friezetsjerke yn Rome yn alle gefallen noch oant en mei 2018 in bedrach fan 8000 euro yn it jier jaan.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)