Jorritsma: earste aai is fûn

16 mrt 2011 - 10:39

It earste ljipaai fan Fryslân is fûn. Dat nijs meldt Kommissaris fan de Keninginne John Jorritsma op syn twitter. Jorritsma meldt ek dat noch útsocht wurdt oft alles om de fynst hinne wol neffens de regels west hat.

Sa moat de finer in aaisikerskaart ha, moat it yn it gebiet fûn wêze dêr't socht wurde mei en moat de fynst fan it aai melden wurde by de BFVW, it bûn fan fûgelwachten. As dat allegear yn oarder is, nimt de kommissaris it aai woansdeitemiddei yn ûntfangst.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)