Jorritsma beëdige as waarnimmer

11 feb 2003 - 00:00

Waarnimmend boargemaster Jorritsma fan Delfsyl is tiisdeitemiddei offisjeel ynsward. Jorritsma kaam de moarns al yn 'e kunde mei de fjouwer oerbleaune wethâlders en de fraksjefoarsitters yn 'e ried. Foar de amtners wie der in aparte byienkomst; sy binne oer it generaal wiis mei komst fan Jorritsma.

De amtners ferwachtsje dat Jorritsma by steat is om de grutte problemen yn Delfsyl oan te pakken. Woansdei wurdt dúdlik of de wethâlders bliuwe of net.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)