Jorrit Groen fan Rie wint Fryske finale Formule 1-monteur

12 okt 2015 - 14:52
  • Winner Jorrit Groen giet troch nei de lanlike finale

Jorrit Groen fan Rie giet troch yn de striid foar in staazje by it Formule 1-team fan Williams. Hy wûn de Fryske finale en giet no troch nei de lanlike finale dêr't de bêste monteurs fan it lân stride foar in opliedingsplak as Formule 1-monteur.

Dy staazje is yn novimber, as de stâl fan Williams him tariedt op de Grand Prix fan Abu Dhabi. De finale om dat staazjeplak is ein oktober.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)