Jorrit betanket foar reserve

22 feb 2014 - 10:57
  • Jorrit Bergsma

Jorrit Bergsma hat him sneontemoarn ôfmeld foar de finale fan de ploege-efterfolging yn Sotsji. De reedrider út Aldeboarn wie reserve yn de efterfolgingsploech en fielt him net serieus nommen. As je net ynsetten wurde, krije je ek gjin medalje.

De Nederlânske ploech rydt fan 'e middei de finale en is dus al wis fan in poadiumplak. Mocht ien fan de oare riders no blessearre reitsje, dan hat de ploech in grut probleem, want dan kinne se net starte. Bergsma rint hjirmei 25.000 euro mis en 50.000 euro at er as reserve wol ynset wurde soe.

Neffens ferslachjouwer Roelof de Vries yn Sotsji fielt Jorrit Bergsma 'him naaid en net serieus nommen. Hy fielt him bûtensletten en hat net it idee dat er ûnderdiel is fan de ploech.'

Bergsma hat it idee dat de TVM-ploech fan Sven Kramer en Koen Veweij net foldwaande rekken hâldt mei de BAM-ploech, dêr't Jorrit by heart.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)