Jorrit Bergsma wint yn Akkrum

11 feb 2012 - 15:30

Maratonrider en Nederlânsk kampioen Jorrit Bergsma fan Aldeboarn hat sneontemiddei de maraton Dwers troch Akkrum wûn. De BAM-rider wie yn de einsprint rapper as syn ploechmaat Arjan Stroetinga. Gary Hekman wûn de sprint fan de achterfolgjende groep en waard tredde.

Nei Hilbert van der Duim en Haico Bouma giet Bergsma as tredde winner de boeken yn. In moaie oerwinning foar de rider út Aldeboarn, dy't op eigen iis foar hûnderten taskôgers de winst op syn namme skriuwe mocht.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)