Jorrit Bergsma wint Hoorn

20 nov 2010 - 22:16
  • Jorrit Bergsma oan de leiding (foto: Sportfoto.nl)
  • De top trije fan Hoorn (foto: Sportfoto.nl)

Jorrit Bergsma wie sneontejûn de rapste fan in fiif man sterke kopgroep yn de fiifde wedstriid om de KPN Maraton Cup. De Boarnster, freed noch njoggende op de 5000 meter by de wrâldbeker yn Berlyn, naam ek de lieding oer yn de tuskenstân. Sander Kingma fan Assen waard twadde, Bart de Vries fan De Haule tredde.

Foske Tamar van der Wal wûn by de froulju de massasprint. Elma de Vries waard twadde, Wieteke Cramer tredde en Manon Kamminga fjirde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)