Jorrit Bergsma wint de 5000 m

08 des 2013 - 16:31
  • Jorrit Bergsma

Jorrit Bergsma hat by de wrâldbekerwedstriden yn Berlyn de 5 kilometer wûn yn in tiid fan 6.14.82. Douwe de Vries einige as fiifde yn 6.18.64. De oare beide Nederlanners Jan Blokhuijsen en Bob de Jong einigen as twadde en alfde. It wie de tredde edysje fan de 5 kilometer yn de wrâldbekersyklus fan dit seizoen. Boppedat is der ien kear (Astana) in 10 km riden.

De net oanwêzige Sven Kramer bliuwt lieder yn it klassemint oer de langste ôfstannen, Jorrit Bergsma is de nûmer twa yn it klassemint.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)