Jorrit Bergsma wint Amsterdam

15 okt 2011 - 22:49
  • Jorrit Bergsma (foto: awfoto.nl)

Jorrit Bergsma hat de iepeningswedstriid om de KPN maraton cup wûn. Yn Amsterdam wie de ynwenner fan Aldeboarn de rapste fan in kopgroepke fan trije man. Ralf Zwitser waard twadde, Frank Vreugdenhil tredde. Op ien rûntsje waard Fries om utens Jouke Hoogeveen fjirde en Douwe de Vries fan It Hearenfean fiifde.

By de froulju draaide it út op in massasprint. De Grinslânse Foske Tamar van der Wal wûn foar Mariska Huisman en Maria Sterk fan Hallum.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)