Jorrit Bergsma wint 5000 meter yn Berlyn

06 des 2014 - 15:28
  • Jorrit Bergsma

Jorrit Bergsma fan Aldeboarn hat sneon it goud pakt op de 5000 meter by de wrâldbekerwedstriden yn Berlyn. Hy sette in tiid fan 6.17,59 op it boerd en wie dêrmei flink wat rapper as de Noar Sverre Lunde Pedersen, dy't mei 6.20,97 it sulver pakte. It tredde plak wie foar Douwe de Vries fan It Hearrenfean. Hy sette de tiid stil op 6.23,50.

Olympysk kampioen Sven Kramer rydt net yn Berlyn, hy traint yn it Italiaanske Collalbo.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)