Jorrit Bergsma twadde op 10 km

03 mrt 2012 - 17:47

Jorrit Bergsma is sneon twadde wurden op de 10 kilometer by de wrâldbekerwedstriden yn Thialf. Yn in rjochtstreeks duel wie Bob de Jong de rapste mei in tiid fan 12.58.47. Bergsma sette 12.59.34 op de klok. It brûns wie foar de Noar Håvard Bøkko mei 13.11.95.

Yn it wrâldbekerklassemint stiet Bob de Jong boppe-oan folge troch Jorrit Bergsma en Sven Kramer. Snein stiet de 1000 meter foar manlju en froulju op it programma. De wrâldbekerwedstriden wurde ôfsletten mei de massastart en de teamsprint.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)