Jorrit Bergsma oppermachtich

18 okt 2014 - 23:49
  • Jorrit Bergsma
  • Jorrit Bergsma
  • Arjan Stroetinga

Jorrit Bergsma hat mei oermacht de earste maraton fan it seizoen wûn. Yn Amsterdam wie de Olympysk kampioen op de 10 km fierwei de sterkste. Troch it waarme waar wie it iis min, mar de twa ploegen fan trainer Jillert Anema lutsen der flink oan. Doe't alle krûddampen oplutsen wiene kaam Boarnster Bergsma solo mei twa rûntsjes foarsprong op it peloton oer de einstreek. Syn ploechmaten Arjan Stroetinga (Waskemar) en Ingmar Berga, mei ien rûntsje foarsprong op it peloton, waarden twadde en tredde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)