Jorrit Bergsma huldige

18 mrt 2014 - 21:37

Yn Aldeboarn wie tiisdeitejûn de huldiging fan Jorrit Bergsma. Hy hat twa medaljes helle op de Olympyske Spelen yn Sotsji, mei as belangrykste it goud op de 10 kilometer. Jorrit waard fan hûs helle mei in belslide foar in rûnrit troch it doarp. Ek syn ferloofde Heather Richardson wie der by. It stel waard begelaat troch it muzykkorps.

Op it plein yn it doarp waard hy tasprutsen troch ferskate minsken en útroppen ta earelid fan de pleatslike iisklup.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)